IIs by Aldtsjerk is ûnfeilich

De iiswegesintrale warskôget dat in stik fan de alvestêderûte by Aldtsjerk op it stuit net mear fertroud is. De iiswegesintrale hie der in klúnbrêge dellein, mar trochdat it smoardrok is, mei hûnderten reedriders, dogge minsken it harsels net oan tiid om te wachtsjen en geane se dochs oer it iis.
De iiswegesintrale hat it iis no oer in grutter stik mei stekken ôfset, sadat minsken no sa'n hûndert meter klune moatte om fierder ride te kinnen.