Poepjes begjint bou akwadukt

Deputearre Sietske Poepjes hat freed it startskot jûn foar de bou fan it akwadukt yn de Drachtsterwei by Ljouwert. Wegeboubedriuw Heijmans giet de kommende tiid oan de slach mei it akwadukt by de Drachtsterbrêge en it krúspunt by Suderbuorren. Dêrnei giet boubedriuw Jansma fierder mei de oanlis fan de fyts- en sloepe-ûndertrochgong by Wiarda. As alles neffens planning ferrint, kin it ferkear ein 2015 oer de fernijde Drachtsterwei ride.
It projekt Drachtsterwei is ûnderdiel fan it projekt Leeuwarden Vrij-Baan.