SC Hearrenfean en Cambuur sûn

Fryske derby Hearrenfean tsjin Cambuur © Omrop Fryslân
SC Hearrenfean is troch de KNVB yndield yn de kategory dy't de finânsjes it bêst op oarder hat. Dat is freed bekendmakke. SC Cambuur sit in kategory leger, mar skoart finansjeel sjoen wol in foldwaande. De yndieling is makke op basis fan de jiersifers fan de betelle fuotbalklups fan it ôfrûne seizoen en de prognoazesifers foar dit seizoen.
Mei-inoar binne der fjouwer klups ûnder tafersjoch steld fan de KNVB. It earstfolgjende mjitmomint is 1 maart. Dan moatte de klups de healjiersifers fan dit seizoen oan de KNVB oerlangje.