Fernielings Camminghabuorren

07 feb 2014 - 13:01

Bewenners fan de Ljouwerter wyk Camminghabuorrren reagearje hiel ûngelyk op de berjochten oer oerlêst fan jongerein. Neffens de gemeente en de plysje soe in groep fan sa'n 35 jongeren foar in soad oerlêst yn de wyk soargje. Boargemaster Ferd Crone hat earder al oankundige dat hy de âlden fan de belutsen jongeren in brief skriuwe sil.

De buert hat lêst fan fernielings, mishannelings en stellerij, mar lang net alle bewenners hawwe dêr lêst fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)