Bekeuring foar belje yn auto

07 feb 2014 - 11:22
  • Mobyltsje

By in saneamde ûnopfallende ferkearskontrôle op de A7 by Drachten binne tongersdei fiif bekeurings útdield. Ien automobilist belle mei in mobyltsje yn de hân en krige dêr in bekeuring foar. De plysje kontrolearret de lêste tiid geregeld op it brûken fan smartphones yn it ferkear.

In oare autorider hie gjin gordel om. Twa automobilisten rieden te hurd en de fyfde bestjoerder ried net genôch oan de rjochterkant fan de dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)