Jonkman begûn oan lange speech

07 feb 2014 - 10:49

Wethâlder Rob Jonkman fan Opsterlân is freed yn Beetstersweach begûn oan syn rekôrpoging fan de langste speech. Hy sil mei-inoar 34 oeren oan it wurd wêze yn de Ronald McDonald Hoeve. Mei yt- en drinkpauzes der by komt it sels op 36 oeren. Hy docht dat foar it goeie doel. Bedriuwen en ynstellings koene sprektiid by him ynkeapje. Yn blokjes fan tsien minuten fertelt Jonkman dan wat dy sponsor wol dat er fertelt.

Sa hat D66-Opsterlân by him sprektiid ynkocht om te fertellen wat de foardielen binne fan keapsneinen.

De opbringst fan de rekôrpoging giet nei de Ronald McDonald Hoeve en smyt Jonkman, as it slagget, in fermelding op yn it Guinness Book of Records.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)