Boer siket 'desimbergefoel'

Margot Boer yn Sotsji © EPA
Hurdrydster Margot Boer fan Goaiïngaryp is op syk nei de foarm dy't se hie by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn desimber. Boer ried twa twa treflike races op de 500 meter. As it Boer yn Sotsji slagget om datselde gefoel te finen, makket se tiisdei seker kâns op in medalje op de 500 meter.
In medalje soe in soad betsjutte foar Boer, want yn Vancouver waard se twa kear fjirde op de 500 en 1500 meter. Ek op it WK sprint yn Nagano yn jannewaris waard se fjirde. Boer wie doe te bot mei de klassearring dwaande, seit se no.
'Ik heb veel van dat toernooi geleerd', seit Boer freed yn Sotsji. 'Ik moet dicht bij mezelf blijven en 'vrij' proberen te rijden'. Dat is ek it advys dat Boer krijt fan har coaches Marianne Timmer en Gianni Romme. Boer moat har konsintrearje op har eigen styl. As se oare gefoelens útskeakelje kin, komt Boer ta de beste prestaasjes. Boer stribbet nije wike tiisdei nei twa 'ultime races'.
Foar it goud is Sang-Hwa Lee fan Súd-Koreä de topfavoryt, mar wrâldkampioene Jing Yu ûntbrekt fanwege in blessuere. Dat fergruttet de kâns op in medalje foar Boer. 'Voor Jing Yu is het heel sneu', seit Boer dêroer, 'maar het is wel een concurrent minder.' Boer ferwachtet in hurde striid om benammen it sulver en it brûns. 'Ik kan wel een lijstje maken met tien namen van rijdsters die het podium kunnen halen. Ik hoop dezelfde passie op te kunnen roepen als in december. Dan is een medaille mogelijk, het zou een droom zijn.'