PVV tsjin saken mei Ballast

In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen
De PVV Fryslân wol dat de provinsje it bedriuw Ballast Nedam útslut fan de oanbestegingsproseduere foar Thialf op It Hearrenfean. De PVV wol dat omdat it bedriuw op 'e nij belutsen soe wêze by omkeapskandalen. Diskear yn Suriname. Dat docht bliken út in artikel fan de NRC. PVV-fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fynt dat de provinsje Fryslân him net ynlitte moat mei in bedriuw dat him dwaande hâldt mei omkeapjen.
Ek wol de PVV fan de provinsje witte dat der by de oanbesteging fan Thialf gjin sprake west hat fan omkeapjen.