22ste Winterspelen freed los

Freed is de iepeningsseremoanje fan de 22e Olympyske Winterspelen yn it Russyske Sotsji. De kommende twa wiken sille tal fan Friezen yn aksje komme by it reedriden, shorttrack en it bobslydzjen. Mei-inoar dogge der 2500 sporters út 88 lannen mei op 15 dissiplines.
De Spelen yn Sotsji ha de ôfrûne tiid foar hiel wat politike opskuor soarge yn ferbân mei de anty-homowet. In oantal efterbliuwers yn Fryslân sjogge mei Omrop Fryslân foarút nei de Olympyske Spelen. Dêrûnder ek Henk Gemser, yn Vancouver noch sjef de mission fan Nederlân.