Opknapbeurt 'rotte kies' Snits

De IJlsterkade en de Geeuwkade yn Snits krije in grutskalige opknapbeurt. Mei finansjele stipe út de Nuon-jilden komme der mear oanlisplakken foar toeristysk farferkear en romte foar wenwurkbedriuwen en lytsskalige yndustry. It terrein is heechnedich oan in facelift ta. Boargemaster Hayo Apotheker betitele it gebiet koartlyn noch as de 'rotte kies' fan Snits.
De provinsje stelt oardel miljoen bekikber foar de renovaasje. De gemeente Súdwest-Fryslân leit der in fergelykber bedrach by, sadat der goed 3 miljoen euro is foar de opknapbeurt.