Eigen argyfynstelling Aldegea

06 feb 2014 - 21:21
  • De notulen fan Doarpsbelang út 1917
  • De medisinepotsjes fan de âlde apoteek
  • Ek de doarpskranten binne te besjen

Aldegea yn Súdwest-Fryslân hat de kommende moannen in eigen argyfynstelling. Yn de Simmerwinkel oan de Breksdyk binne de argiven en foto's fan alle ferienings yn it doarp byinoar brocht. Sa binne der de notulen fan it Doarpsbelang út 1917, mar bygelyks ek trouboekjes út de 19e ieu en sels in Steatebibel fan in ieu earder.

Wa't wol kin op sneon en tiisdei troch de argiven sneupe. Neffens de inisjatyfnimmers is der in soad belangstelling foar de lokale skiednis, mar is al it argyfmateriaal te ferspraat oer ferienings en de gemeente.

It lokale argyf is iepen oant begjin april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)