Oerfal yn kleanwinkel Drachten

06 feb 2014 - 19:59

In oerfaller mei in saneamd 'Scary-Movie masker' hat tongersdeitejûn in kleanwinkel oan it Raadhuisplein yn Drachten oerfallen. Under bedriging fan nei alle gedachten in fjoerwapen waard personiel by de kassa twongen de man jild te jaan. Der is in noch ûnbekend jildbedrach meinommen.

De oerfaller hie in grize joggingbroek oan en in swarte Adidas-jas mei kapûsjon en naaide út op in griene fyts. By de oerfal rekken gjin minsken ferwûne. Op Boargernet is in oprop útgien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)