Blog: It is hjir fantastysk

Yn it Holland Heineken House binne se der klear foar © Omrop Fryslân, Roelof de Vries
It liket fansels wol as bin ik allinnich mar moai waar oan it spyljen en dat doch ik ek. Mar echt. It is echt machtich om dit mei te meitsjen. Fantastysk.
Hurd wurkjen is it wol hear, dêr net fan. Mar dat fyn ik moai. Nei twa parsekonferinsjes en in karrefracht oan foarbeskôgings, ha ik wol soks: begjinne mar. Mar doe't ik fan 'e middei yn it Holland Heineken House kaam, waard dat Olympyske gefoel hielendal oansterke. Hjir wurde se aanst huldige. Machtich. En ek moai om te sjen hoe hurd der wurke wurdt by de NOS om alles foarelkoar te krijen. Tillevyzje en radio is ek topsport.
By it Holland Heineken House kaam ik Jillert Anema noch tsjin. "Ik ha krekt efkes in filmke makke foar de jonges. Witte se wat se hjir ferwachtsje kinne. Doe bin ik der ek sa wer út rûn. Hotemetoaten dêr. Neat foar my."
"Hoe't it mei Jorrit is? No ja, ik mei it eins met sizze, mar ik tink dat hy ride sil as in beest."
Hie ik al sein dat it hjir fantastysk is?
De reportaazje mei Anema wurdt útstjoerd yn Bynt. Sjoch ek by útstjoering mist. Yn Hjoed in reportaazje mei Ireen Wüst.
Folgje my ek op Twitter: @Roelofdevries83