'Yn Ruslân prate oer boykot'

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma © ANP
Kommissaris fan de Kening John Jorritsma moat him yn Ruslân sterk meitsje foar it opheffen fan twa eksportbeheinings op de eksport fan kij en poatierappels. Dat fynt de CDA-steatefraksje. Dizze boykot pakt min út foar Fryske boeren.
Jorritsma giet nei de Olympyske Spelen yn Sotsji ta en sil dêr sjen wat er foar Thialf betsjutte kin. As it oan it CDA leit moat ek de boykot op de eksport fan kij en poatierappels op syn aginda komme te stean.