Obligaasjes yn wynpark

Wynturbines © ANP
Ynwenners fan De Fryske Marren, de Noardeastpolder en Urk kinne oandielen en obligaasjes keapje yn wynpark Westermeerwind. Dat hawwe de inisjatyfnimmers besletten nei ûndersyk ûnder de befolking. Goed sechstich prosint ynvestearret leaver yn obligaasjes mei fêste rinte yn stee fan yn oandielen.
Om sa folle mooglik ynwenners de kâns te jaan om diel te nimmen oan it wynpark is besletten dat beide foarmen fan partisipaasje mooglik binne.
Wynpark Westermeerwind sil boud wurde yn it wetter fan de Iselmar by de diken fan de Noardeastpolder lâns. It park bestiet út 48 wynturbines. Seis dêrfan komme op it grûngebiet fan de gemeente De Fryske Marren. It park moat yn 2016 klear wêze.