Feest om Polderhoofdkanaal

06 feb 2014 - 17:12

Yn Nij Beets is tongersdei op feestlike wize it wurk oan it Polderhoofdkanaal wer oppakt. It kanaal wurdt befarber makke foar it toerisme. De juridyske striid om it kanaal hat jierrenlang duorre.

Foarstanners fan de farferbining tusken Nij Beets en De Feanhoop kinne harren gelok net op. Midden yn Nij Beets soargen bern fan de basisskoallen De Arke en De Jasker foar in soad leven. De ferwachting is dat yn de simmer fan 2015 oer it kanaal fearn wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)