Frou rydt tsjin beam yn Elslo

Plysje © Omrop Fryslân
In frou (68) út it Drintske Wateren is freed yn Elslo ferwûne rekke by in ûngelok. De frou rekke yn in bocht op de Tronde de macht oer it stjoer kwyt en ried tsjin in beam. De brânwacht moast de doarren út har auto knippe om har der út te krijen.
De traumahelikopter wie oproppen mar hoegde net yn aksje te kommen. De frou is mei ferskate ferwûnings nei it sikehûs yn Drachten brocht.