Beweechdei foar 1500 minsken

Steatsboskbehear, It Fryske Gea en soarchfersekerder De Friesland hâlde op 24 maaie in evenemint foar âlderein en minsken mei in beheining. Yn de nartuer by Bakkefean kinne sy meidwaan oan in beweechprogramma dat oanpast is op wat de minsken noch dwaan kinne.
Der wurdt rekkene op 1500 dielnimmers. As der genôch minsken op ôfkomme, kriget de bûtendoarbeweechdei in lanlik ferfolch.