'Kandidaat-wethâlders screene'

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma © ANP
Fryske boargemasters krije fan de provinsje it advys om kandidaat-wethâlders yn it foar te befreegjen nei harren yntegriteit. Dat seit kommissaris fan de Kening John Jorritsma.
In ferklearring fan goed gedrach soe ek standert wêze moatte foar nije wethâlders. In brief mei it advys is nei alle boargemasters gien.
It brief is ek ûndertekene troch boargemaster Van der Zwan. Hy is foarsitter fan de Feriening Fryske Gemeenten.
Yn Van der Zwan syn eigen gemeente Hearrenfean wiene ferline jier noch problemen mei yntegriteit. Wethâlder Hartsuiker hie ynterne stikken trochspile oan in partijgenoat fan Gemeentebelangen.