Fryske pompen nei Ingelân

06 feb 2014 - 11:08

Van Heck yn Noardwâlde leveret pompen oan Ingelân foar de grutte oerstreamings yn dat lân. Benammen yn it suden fan it lân hawwe se al skoften lêst fan min waar. Tûzenen bunders stean ûnder wetter. Fiif pompen fan Van Heck binne ûnderweis nei Bristol. Sneontemoarn wurde op in oar plak wer fiif of mooglik mear pompen ynset.

Van Heck wurdt wol faker ynskeakele nei oerstreamings yn it bûtenlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)