Doutzen Kroes yn ferwachting
Topmodel Doutzen Kroes is yn ferwachting fan har twadde berntsje. Se makke dat sels bekend op Twitter. Kroes pleatste in foto fan harsels mei in búkje en sette derby dat it gjin âlde foto is, mar ien fan no, en dat se bliid is mei de wrâld diele te kinnen dat se in berntsje ferwachtet.