Brommer rydt 81 km yn de oere
In 44-jierrige bromfytser út Winsum is woandei syn rydbewiis kwytrekke. De man ried fierstente hurd op de Hasthemerwei tusken Dronryp en Baaium. Hy gie 81 kilometer yn de oere. Hy mei net hurder as 45.
De man waard trappearre troch plysjes yn in ûnopfallende plysje-auto.