Terkappelsters easkje útlis

06 feb 2014 - 06:28

Ynwenners fan Terkaple wolle fan de gemeente De Fryske Marren útlis oer it skrassen fan de plannen foar in haven. De grûn dy't dêrfoar bedoeld wie, is ferkocht oan de foarsitter fan Pleatslik Belang. De ynwenners binne poer op de gemeente. Al sûnt 1996 wurdt praat oer in haven, mar no giet it samar ynienen net mear troch.

Wethâlder Durk Durks woe woansdeitejûn yn de gemeenteried gjin antwurden jaan op de fragen út it doarp. Dat docht er op 14 febrewaris op in ynformaasjegearkomste yn it doarp.

Trefwurden: 
Terkaple haven skrast
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)