Ferlies H'fean tsjin Twente

05 feb 2014 - 22:34

Sportklup Hearrenfean hat woansdeitejûn yn in strieminne wedstriid de punten lizze litten tsjin FC Twente. De Feansters ferlearen mei 2-0. De ploegen hâlden elkoar lang yn lykwicht mei in protte balferlies, mar yn de 73e minút sette Dusan Tadic Twente dochs op foarsprong. Syn ynset gong fia de punt fan de skoech fan Joey van den Berg yn 'e goal. Dêrnei bleau it spannend, mar de thúsploech krige amper kânsen. Yn de 90e minút makke Torgeir Börven de wedstriid definityf dien mei de 0-2.

In pear minuten foar de iepeningstreffer fan Tadic gie Alfred Finnbogason allinnich op doelman Marsman fan FC Twente ôf. De topskoarer fan SC Hearrenfean waard ûnreglemintêr tsjinhâlden troch ferdigener Andreas Bjelland. Bjelland krige in giele kaart, dêr't in reade kaart op syn plak west hie.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)