Cambuur ferliest fan PSV

Sportklup Cambuur is der woansdei net yn slagge foar in stunt te soargjen tsjin topklup PSV. De ploech út Eindhoven wûn de wedstriid yn Ljouwert mei 2-1. Cambuur kaam al nei twa minuten op foarsprong troch in doelpunt fan Elvis Manu. Troch mistaasten fan keeper Leonard Nienhuis kaam PSV yn de 38e minút troch Jeffrey Bruma op 1-1. Yn de twadde helte fergriemde Cambuur oanfaller Lukoki in geweldige kâns. Flot dêrnei wie it Jürgen Locadia dy't PSV de winst besoarge. De Ljouwerters hiene minimaal in punt fertsjinne.