Eksportkarrûsel by KfK

Yn it gebou fan de Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert is woansdei de Eksportkarrûsel 'Grenzeloos groeien met export' offisjeel fan start gien. It projekt is in inisjatyf fan Fryske ûndernimmers en wurdt stipe troch de provinsje, de hegeskoallen Stenden en NHL, de Fryske eksportklup en de Keamer fan Keaphannel.
Doel is om Fryske bedriuwen dy't produkten of tsjinsten eksportearje wolle, stipe krije fan eksportsaakkundigen en studinten. Sa kinne se helpe by it meitsjen fan in eksportplan of it útfieren fan in merkûndersyk.