SP yn noed oer feilichheid JSF

Joint Strike Fighter © ANP
De steatefraksje fan de SP makket him grutte soargen oer de feiligens fan de JSF. Neffens de SP docht út útlekte ynformaasje fan de Amerikaanske definsje bliken dat der grutte problemen binne mei de betrouberheid fan it tastel en de software. As it fleantúch yn de takomst op de fleanbasis Ljouwert komt, soe dat mooglik de omwenners fan de fleanbasis yn gefaar bringe.
De SP hat in brief skreaun oan Kommissaris Jorritsma. Se roppe him op om der by it regear op oan te trunen om de oanskaf út te stellen.
It fleantúch soe pas nei Ljouwert komme meie as it hûndert persint feilich is.