Slopers fine amper guod

Yn de útbaarnde gebouwen oan De Kelders yn Ljouwert wurdt kwalik persoanlik guod weromfûn. Sloopbedriuw Van der Wal fan De Jouwer is no goed in wike oan it slopen, mar hat noch net in soad bewenners bliid meitsje kinnen. Sa út en troch fine se wat en dat wurdt oan de kant lein en weromjûn oan de eigeners. De sloop duorret noch fjouwer oant fiif wiken.
Yn oktober gienen in tal histoaryske gebouwen ferlern. Ien persoan kaam om it libben.