Oanpak frouljusbesnijenis

05 feb 2014 - 13:50

Om frouljusbesnijenis yn Nederlân foar te kommen, komt in oare oanpak. It taboe is sa grut dat der net yn groepen mei froulju út risikolannen praat wurde kin. Dêrom geane foarljochters op húsbesite. It tal famkes dat jierliks yn Nederlân slachtoffer is, wurdt rûsd op 50. Dat soe betsjutte dat der in pear út Fryslân by sitte. It is strafber, mar it bart yn fakânsjes by de famylje yn it bûtenlân.

Tongersdei is it Zero Tolerance Day, de ynternasjonale dei tsjin de frouljusbesnijenis.

Trefwurden: 
frouljusbesnijenis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)