Wapene oerfal op tankstasjon

Tankstatsjon Q8 logo © ANP XTRA
In wapene man hat tiisdeitejûn it Q8-tankstasjon oan de Frittemaleane yn Snits oerfallen. De man kaam om in oere as sân it tankstasjon yn en bedrige de meiwurker mei in fjoerwapen. Hy easke jild, doe't er dat krigen hie, naaide er út yn de rjochting fan it fersoargingshûs De Frittemahof. De plysje is no op syk nei de man. Hy hie by de oerfal in swarte sjaal foar de mûle en in swarte sinnebril op. Hoefolle jild oft er meikrigen hat, is net bekend.