Jild foar polders op Skylge

05 feb 2014 - 11:02

Foar it ferbetterjen fan de Skylger polders foar de greidefûgels is 2,3 miljoen euro beskikber. It is no al in goed gebiet foar greidefûgels, mar om't boeren hieltyd yntinsiver buorkje, driget it minder geskikt te wurden. Dêr wol Vogelbescherming Nederland mei de help fan de boeren wat oan dwaan.

De Postcode Loterij jout it jild sadat de Fûgelbeskerming gau om tafel mei dy boeren kin. It doel is om yn 40 prosint it lân geskikter te meitsjen foar greidefûgels mei mear 'plas en dras' gebieten en bredere sleatten.

Sa moatte saneamde natuerpolders ûntstean. Boeren wurde fierder holpen om streekprodukten te ûntwikkeljen sadat se ek duorsumer produsearje kinne.

Trefwurden: 
Skylge polder greidefûgel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)