'Fryslân bliuwt selsstannich'

05 feb 2014 - 08:19

Fryslân hoecht fan minister Plasterk net op te gean yn in grutte noardlike provinsje mei Grinslân en Drinte. Dat stiet yn de nije plannen foar provinsjale weryndieling. Earst wie it doel dat der fjouwer grutte provinsjes komme soenen. Dit plan krige net genôch stipe yn 'e Twadde Keamer. Yn it nije foarstel stiet dat der sân provinsjes komme moatte.

Fryslân, mar ek Limboarch en Noard-Brabân meie no selsstannich bliuwe. Grinslân en Drinte soene ien provinsje foarmje moatte. It nije wetsfoarstel giet foar de simmer nei de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)