'Oppakte jager KNJV-direkteur'

05 feb 2014 - 06:53
  • Jager

Ien fan de twa manlju, dy't dit wykein by Drylts oppakt waarden omdat se op guozzen jagen mei help fan in lokfluit, is de direkteur fan de Koninklijke Nederlanske Jagervereniging (KNJV). Dat meldt de Volkskrant woansdeitemoarn. It jeien mei in lokfluit is yn Fryslân ferbean. De direkteur is dêrom troch syn organisaasje op non-aktyf set, yn ôfwachting fan fierder ûndersyk. In spesjale kommisje fan de jagersferiening beoardielt of er oanbliuwe kin as direkteur. Mooglik krijt er troch de rjochter ek in jildboete oplein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)