Knal foar ierdbeving oansjoen

KNMI miet ierdbeving Grinslân © ANP
In knal noardlik fan It Amelân hat tiisdeitejûn foar ûnrest soarge. Ynwenners fan Grinslân, mar ek fan Súdeast-Fryslân en Drinte, tochten dat der opnij in ierdbeving wie. Minsken fielden trillingen en der kaam ek in melding fan skea. Ut mjittingen fan it KNMI docht lykwols bliken dat der gjin ierdbeving west hat. Dêrom wurde de meldingen yn ferbân brocht mei de knal by It Amelân. Wat de knal feroarsake hat is net dúdlik.