SWF: help fan amtners mei WOZ

04 feb 2014 - 20:19

Der binne ferline jier folle minder beswieren oantekene tsjin de weardebepaling fan huzen yn de gemeente Súdwest-Fryslân as yn 2012. Dit komt omdat de amtners de yntsjinners fan de beswieren fergees helpe by it opstellen fan it beswierskrift en, as it kin, saken al regelje. Se binne it dan iens oer it bedrach, sadat in beswierskrift net mear hoecht.

En dizze aksje docht dus fertuten. De bepaling fan de WOZ wearde is nedich om de hichte fan de ûnreplikgoedbelesting te bepalen. SWF hellet jierliks 15 miljoen euro op mei dizze belesting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)