Brêge ticht nei oanfarring

04 feb 2014 - 18:46

De brêge oan de Miedwei yn Strobos is sûnt tiisdeitejûn ôfsletten foar ferkear. De brêge hat skea oprûn neidat in tanker der tsjin oan fearn is. Neffens de plysje stie de brêge noch iepen en is dy te gau tichtdraaid. De ûnderkant fan de brêge is op de tanker telâne kaam en rekke stikken.

De tanker, mei 2500 liter metanol, kaam der goed fan ôf. It ferkear wurdt no omlaat. De brêge bliuwt yn alle gefallen noch oant en mei woansdei ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)