Blog: Oankomst yn Sotsji, Australyske bobbers en de Braziliaanske sjoernalist

De Australyske bobster
Ljouwert-Amsterdam-Frankfurt-Sotsji. Dat wie it skema juster. 5.30 de wekker en jûns om 23.00 oere yn Sotsji. Of eins 02.00 oere, want yn Sotsji is it trije oeren letter.
In lange reis, mar de feilichheidsmaatregels foelen my ta. Ik ha in koffer mei in kamera, laptop en 15 ferskillende kabels mei as hânbagaazje. Dêr dogge se fuort op Skiphol al lestich oer. Hielendal leechhelje graach. Yn Dútslân moatte allinnich de skuon út en de kamera út de tas. Mei in wyt doekje geane se oer myn kamera hinne. "What's that?" Yn it fraaie Ingelsk mei in Russysk aksint: "That's for chemicals and explosives." Oh, okee.
Yn it fleantúch sit ik neist in Australise. Se is wurch en jout har fuort del. Nei in oere wurdt se wekker en reitsje we oan de praat. Trije oeren lang. It iene nei it oare moaie ferhaal. Se is dielnimmer oan de bobslydwedstriid. Foar de tredde kear. Se is piloat fan de bob en bistedokter yn Brisbane. Har bob kostet 30.000 euro en betellet se foaral sels. In fergeliking: dy fan Nederlân is sa'n 100.000 euro, fan de Amerikanen in miljoen. Se reizget de hiele wrâld oer en sa no en dan is se bistedokter en fersoarget se krokodillen. En hynders. Sa fertelt se in ferhaal oer in hynder dat se fan in eilân ôfhelle hat, mar dy't twa kear werom swom nei dat eilân. Tsien kilometer tusken haaien en krokodillen. Moai ferhaal.
Dan komt har bobpartner. Se is wrâldkampioen 400 meter horden en dus gjin koekebakker. En wer it iene nei it oare ferhaal. Se hat jierren in stalker hân. Dy mailde juster dat er ek nei Sotsji komt en no is se bang. Se fertelt ek dat se in aparte fan hat. Hy sit nammentlik yn de finzenis. Libbenslang. Mar se skriuwe 4 of 5 kear yn 't jier. No hie se al in jier neat mear heard. "So I think he's dead."
By oankomst yn Sotsji wurde we in oere ophâlden yn it fleantúch. Dan meie we derút. Lange paspoartkontrôle. En dan de akkreditaasje en de parsekaart regelje. Duorret ek lang. Ien ding is fuort dúdlik hjir: moatst geduld ha. It is allegear wat amateuristysk.
We komme oan by it hotel. Neat bysûnders, mar wol apart. It is hielendal nij, mar hiel basic en standert. It is eins gewoan in flatgebou. Of better, in park mei hûndert fan sokke flats. We drinke noch ien pilske en gean op bêd. Mar sliepe wol net. It is trije oeren letter as yn Nederlân en de adrenaline streamt noch troch myn lichem.
Hjoed al de earste bydragen meitsje kind. Nei in koarte nacht it Olympysk park yn. Petearke mei Geert Kuiper en dêrnei nei de shorttrackhal. No ja, hal? Sis mar in geweldich stadion: de Iceberg Arena. Ik doch ynterviews mei Daan, Rianne en Sjinkie, mar der rint ek hieltyd in Braziliaan efter my oan. In sjoernalist. En dy wol Sjinkie ynterviewe. Mar syn Ingelsk is min. Oft ik him helpe wol. It resultaat is te sjen yn Hjoed.