'Kearnebelied foldocht goed'

Súdwest-Fryslân is tige tefreden oer it saneamde kearnebelied. Dat hâldt yn dat de gemeente wurket mei wyk-, stêds- en doarpskoördinatoaren as kontaktpersoan foar ynwenners. Dat is yn 2011 ynsteld om ek nei de fúzje de ôfstân tusken ynwenners en gemeente sa lyts mooglik te meitsjen.
Guon minsken wienen benaud dat de grutte gemeente betsjutte soe dat de gemeente hast ûnberikber wêze soe. Dat is net sa, seit wethâlder Maarten Offinga. Neffens him docht út evaluaasje bliken dat ynwenners de koördinatoaren goed fine kinne.