'Help by ferlies huzeferkeap'

Banken moatte maatwurk leverje foar minsken dy't yn swierrichheden kaam binne, om't se it hûs mei ferlies ferkeapje moasten. Se dogge dat no fierste min. Dat seit Albrecht Kok fan de NVM yn Fryslân yn reaksje op sifers oer de huzemerk fan de NOS en it kadaster.
Fan de ferkochte huzen yn Fryslân is ferline jier 19% mei ferlies fan de hân dien. As de 'kosten keaper' meirekkene wurde giet it sels om 31%. Minsken komme dêrtroch yn grutte finansjele need. Mear as in stabilisaasje fan de huzeprizen sit der net yn, mient Kok.