Wurk oan Polderhoofdkanaal giet fierder

04 feb 2014 - 17:04

It wurk oan de weriepening fan it Polderhoofdkanaal giet tongersdei wer fierder. Oannimmersbedriuw Oosterhof-Holman sil nei in feestlike gearkomste de Schouwstraslûs yn Nij Beets leechpompe, skjinmeitsje en útgrave. By de Noarderslûs op De Feanhoop begjinne se ek mei it kanaal.

It wer geskikt meitsjen fan it Polderhoofdkanaal as toeristyske farrûte lei jierrenlang stil om't tsjinstanners de ûntheffing fan de floara- en faunawet foar beskerme bisten oanfochten. Op 22 jannewaris besleat de Ried fan Steat lykwols dat it wurk wer tastien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)