Nij drankspul populêr by jeugd

04 feb 2014 - 17:01

It begûn yn Australië, Ingelân en Ierlân, mar is yntusken ek tige populêr by Fryske jongeren: it drinkspul 'NekNomination'. Dielnimmers meitsje in fideo wêryn't se in heale liter bier of sterke drank yn ien kear achteroer slagge op in sa orzjineel mooglike wize of lokaasje. It filmke sette se op Facebook en oan de ein neame se dan de namme fan in freon. Sa wurdt dy útdage om binnen 24 oeren in soartgelyk filmke te meitsjen. Yntusken binne der ek al tal fan Fryske filmkes op ynternet setten.

Yn Ierlân is de ynternet-raazje flink út de hân rûn. Dielnimmers dêr makken hieltyd spektakêldere filmkes en twa jonges oerlibben it net. In soad NekNominating-Facebooksides binne dêr yntusken út de loft helle.

De filmkes wiene Wiebe Kootstra, jongerewurker yn Noardeast-Fryslân, ek al opfallen. Neffens him binne drankspultsjes fan alle tiden, mar de komst fan sosjale media lykas Twitter en Facebook liket foar in folle gruttere groepsdruk te soargjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)