'Ferskaat yn sjoernalistyk'

Haadredakteur Lútsen Kooistra fan it Frysk Deiblêd ropt op de pluriformiteit yn de Fryske sjoernalistyk heech te hâlden. Hy reagearret dêrmei op de oprop fan Omrop Fryslân-direkteur Jan Koster om mear gear te wurkjen as Fryske media. Neffens Koster is dat de ieninchste manier om de Fryske journalistyk te rêden.
Kooistra tinkt dat de NDC op 't heden in goede posysje hat en dat it no folle wichtiger is om it ferskaat te behâlden.