Oarsaak brân Burgum ûnbekend

04 feb 2014 - 16:36
  • By de brân kaam in soad reek frij

Der kin net mear fêststeld wurde wat de oarsaak west hat fan de brân by deakistefabryk fan Hoogland yn Burgum ôfrûne freed. Dat seit in wurdfierder fan de famylje, dy't mei de fersekering oerlein hat. Wurknimmers seinen freed dat de brân begûn yn de kachel en dat de skoarstien de deis dêrfoar krekt fage wie. Neffens de fersekering is op gjin inkele wize oantoand dat soks wat mei de brân te meitsjen hie. De brân kin likegoed yn de kachel sels ûntstien wêze of yn it dak derboppe.

By de brân hat it sa hyt west, dat alle spoaren ferlern gongen binne. De skea fan de brân wurdt rûsd op 2 oant 3 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)