Jakobs nei fal yn sikehûs
Ien fan de bekende Nederlanners dy't sneon de Alvestêdetocht rydt, de Drint Gert Jakobs, is hurd ûnderút gien. Hy hat syn skouder út de kom en is nei it sikehûs yn Snits brocht. De âld-hurdfytser hat ek syn ankel op twa plakken brutsen.
Jakobs liet op twitter witte dat er yn Sleat ferskate kearen fallen is. Jakobs is ien fan de hûnderten minsken dy't sneon op eigen houtsje de Alvestêdetocht ride. It is de lêste kâns foar in protte leafhawwers, want nei it wykein wurdt it teiwaar.