'Gjin spionaazje yn Boerum'

04 feb 2014 - 16:03

Minister Hennis-Plasschaert fan definsje hat gjin oanwizings foar spionaazje troch de Amerikanen yn Boerum. Dat hat de minister antwurde op fragen fan de Twadde Keamer.

Televyzjeprogramma Nieuwsuur melde in pear wiken ferlyn dat de Amerikanen ynformaasje sammelje mei help fan it satellytgrûnstasjon ('de Grutte Earen') yn Boerum. Neffens Hennis-Plasschaert hâldt de Algemene Inlichtingen- en Veiligheidsdienst (AIVD) goed tafersjoch op alle ynternasjonale aktiviteiten yn ús lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)