Dronken Grouster fan dyk helle

04 feb 2014 - 14:50
  • (foto-ympresje)

In 69-jierrige man út Grou is tiisdeitemoarn fan de dyk helle, omdat er smoardronken achter it stjoer siet. De man hie fjouwer kear safolle drank op as tastien is. Syn rydbewys wie ek net jildich, omdat er al earder ûnder ynfloed achter it stjoer sitten hie.

De man moat yn maaie foar de rjochter ferskine. Omdat er al earder de fout yngien is, sil fyftjin dagen finzenisstraf, tsien moanne rydûntsizzing en in boete fan goed 2000 euro tsjin him easke wurde.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)