'Skiednis farrûte moat op app'

04 feb 2014 - 14:20

De skiednis fan de farrûte tusken Ljouwert en Burdaard moat fêstlein wurde yn in boek, in film en in app. Dat wol de stichting Elektrosloep Fryslân. In webside is der al.

Wettersporttoeristen kinne fan Ljouwert nei Burdaard farre oer de Dokkumer Ie, de Alvestêdetochtrûte. De ynformaasje oer it gebiet tusken it Waad en de Wâlden is no meastentiids noch bot fersnippere. Studinten út Grins sille ferhalen sammelje. Dy gean ûnder oare oer in beropsfisker yn Wyns en in spoekhûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)