Cambuur klear foar PSV

04 feb 2014 - 12:51

Cambuur is klear foar de wedstriid tsjin PSV. De Ljouwerters spylje woansdei tsjin de ploech út Eindhoven sûnder Martijn van der Laan en Lucas Bijker. Sy binne beide skorst. Fierder is de seleksje fit. Marlon Pereira is de ferfanger fan Bijker. Wa't yn it sintrum fan de ferdigening begjinne sil, woe trainer Lodeweges tiisdei nei de training noch net sizze. It leit foar de hân dat Mart Dijkstra yn de basis begjint. Cambuur spile yn it begjin fan it seizoen yn Eindhoven mei 0-0 lyk. Dochs is Cambuur neffens Lodeweges gjin favoryt tsjin PSV.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)