Data KPN-klanten op ynternet

11 feb 2012 - 11:07

De gegevens fan 18 Friezen mei in email-account fan de KNP binne publisearre op ynternet. Hoe't dat krekt kin, is net dúdlik. De kompjûterservers fan KPN binne yn jannewaris hacked troch ûnbekenden, mar oft sy ek de gegevens op ynternet set ha, is net te sizzen.

Op ynternet wie te lêzen wêr't de minsken wenje, en wat it wachtwurd fan har email-account is. KPN hat fanwege it lek de accounts fan alle twa miljoen klanten blokkeard. Se komme sneon stikje by bytsje wer yn de loft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)