Sotsji: Sven Kramer

04 feb 2014 - 11:26

It is noch trije dagen foardat de Olympyske Spelen yn Sotsji begjinne. Mear as tsien Fryske sporters komme yn aksje by it reedriden, shorttrack en bobslydzjen. Alle dagen op www.omropfryslan.nl in profyl fan ien fan de dielnimmers út Fryslân. Hjoed is dat: Sven Kramer (27 jier, It Hearrenfean, reedride).

Sven Kramer waard seis kear wrâldkampioen en seis kear Europeesk kampioen allround. Hy pakte ek trettjin kear goud op de wrâldkampioenskippen ôfstannen. Op de Olympyske Spelen fan 2006 yn Turijn helle Sven sulver op de 5000 meter en brûns mei de Nederlânske ploech op de efterfolging. Yn Vancouver yn 2010 pakte er it goud op de 5000 meter en it brûns mei de efterfolgingsploech. Hy ferspile it goud op de 10 km troch in ferkearde wiksel. Sven Kramer is hâlder fan de wrâldrekôrs op de 5 en 10 km.

Sven Kramer rydt yn Sotsji de 1500 meter, de 5000 meter, de 10 km en de ploege-efterfolging.

Sjoch hjir nei it profyl fan Yvonne Nauta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)